Soarchbelang wol graach ûnferwachte ynspeksje ferpleechhûzen

10 nov 2014 - 14:10

Ynspeksjebesites oan ferpleechhûzen moatte net mear oankundige wurde. Dat fynt ek Soarchbelang Fryslân, de organisaasje dy't opkomt foar de belangen fan minsken dy't ferlet ha fan soarch. It plan foar in ûnoankundige ynspeksje komt fan de Patiëntenfederatie PNCF.

Neffens Margreet de Graaf fan Soarchbelang Fryslân is in ûnferwachte ynspeksje hurd nedich om echt te sjen hoe't de soarch fan in ferpleechhûs der út sjocht. De ynspekteur soe ek mear nei de sfear en kwaliteit fan de soarch sjen moatte.

Op dit stuit sjocht de ynspeksje benammen nei administrative saken, lykas wetjouwing en protokollen. Soarchbelang Fryslân krijt geregeld klachten oer de soarch yn ferpleeghûzen. Minsken soenen te let holpen wurde, bygelyks by de gong nei it hûske of it ferskjinjen. Dat binne problemen dy't oeral yn Nederlân spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)