Man pakt foar mishanneling

Geweld © Omrop Fryslân
In man (32) út Kollumersweach is moandei oanhâlden op fertinking fan mishanneling en bedriging. In wike lyn ried de fertochte op in scooter op de Tochmaleane yn Kollum. Hy krige spul mei in bestjoerder (48) út Ljouwert en skopte en sloech him nei't er him earst út syn bestelwein lutsen hie. In Kollumer (50) woe de Ljouwerter helpe, mar waard bedrige. De fertochte naaide út. It die bliken dat de scooter stellen wie. De fertochte moat freed foar de rjochter-kommissaris ferskine.