Auto oer de kop op de A7

29 feb 2012 - 10:28

In frou (42) en har soantsje fan 8 jier út Sonnegea binne tiisdeitemoarn ferwûne rekke op de A7. Op de oprit nei de A32 rekke de frou troch ûnbekende reden de macht oer it stjoer kwyt. Se kaam yn de berm telâne en sloech oer de kop. Mem en soan koene sels út de auto komme en binne foar kontrôle nei it sikehús yn It Fean brocht. De auto is total-loss.

Trefwurden: 
ûngelok plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)