Sneon debat PvdA-kandidaten

© Omrop Fryslân, Andries Bakker
Lutz Jacobi, Diederik Samsom, Martijn van Dam en Ronald Plasterk sille sneon debattearje yn Ljouwert. Yn de Blokhúspoarte is in PvdA-byienkomst. Se meitsje allegear gading nei de funksje fan fraksjefoarsitter en partijlieder fan de PvdA. Ek Nebahat Albayrak hat har kandidaat steld. Dy komt mooglik ek nei it debat. Yn maart beslute de leden fan de PvdA wa't de opfolger fan Cohen wurdt.