Fierljeppen populêr by Andere Spelen

10 nov 2014 - 12:56

It Nederlânsk Fierljep Bûn sjocht werom op in tige suksesfolle presintaasje fan de fierljepsport by it sportevenemint de Andere Spelen. Yn de Jaarbeurs yn Utrecht koenen minsken dit wykein yn 'e kunde komme mei sporten dy't minder bekend binne.

Fryslân wie goed fertsjinwurdige, want njonken it fierljeppen koe der ek keatst wurde. Benammen de fierljepsport wie populêr by de bern. Mar leafst 3000 bern makken mear as 5000 sprongen oer de skâns. Under lieding fan fierljep-coach Thewis Hobma joegen 20 ynstrukteurs de bern les yn it fierljeppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)