It is in goed jier foar de sûkerbiten

10 nov 2014 - 12:06

Der is dit jier sprake fan in bûtengewoan goed sûkerbitejier. Sawol de opbringst as it sûkergehalte ha noch noait sa heech west, seit Upt Hiddema fan LTO-Noard. Toch sille de boeren der net optimaal fan profitearje: de ynternasjonale sûkerpriis stiet ûnder druk. Dat komt foaral troch konkurrinsje fanút bygelyks Brazilië.

De sûker wurdt levere oan frisdrankfabrikanten as Coca Cola, mar ek oan de binnenlânske merk. De bitekampanje duorret noch oant heal jannewaris.

Trefwurden: 
sûkerbiten sûker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)