Gaslucht troch lek yn leechsteande wenning Drachten
Enexis hat moandeitemoarn in gaslieding ôfsletten yn in wenning oan Leeuwerikstrjitte yn Drachten. De wenning stie leech, mar omwenjenden rûkten in gaslucht. De brânwacht ûntduts dat der yn de wenning in lek siet en warskôge gasleveransier Enexis.
Dy hat de haadkraan fan de wenning tichtdraaid.