Brân yn wenning oan de Oppers yn Wolvegea

10 nov 2014 - 10:35
De nije brânwachtauto's waarden sneon presintearre yn Snits - Foto: Stefan Postema

De brânwacht moast moandeitemoarn yn aksje komme foar in brân yn in wenning oan de Oppers yn Wolvegea. De brân ûntstie op de ûnderste ferdjipping. Omwenjenden seagen reek ûnder de dakpannen wei kommen en warskôgen de brânwacht. Dy hie de brân rap ûnder kontrôle.

Op it stuit fan de brân wie der net ien thús.

Trefwurden: 
brân Wolvegea wenning
(advertinsje)
(advertinsje)