Grut ûndersyk nei mishanneling hynders yn it Noarden

10 nov 2014 - 09:50

De plysje begjint moandei mei in grutskalich ûndersyk nei de mishanneling fan hynders yn de trije noardlike provinsjes. Mei in helikopter wurde de ferskate lokaasjes dêr't de ôfrûne tiid hynders mishannele binne, yn kaart brocht. By dizze saneamde 'aerial profiling' wurdt sjoen nei oerienkomsten en spesifike kenmerken. Der soe bygelyks in ferbân sitte kinne yn oanrydrûtes of flechtrûtes.

In team fan de resjerzje is al sûnt augustus dwaande mei it ûndersyk nei de hynstemishanneling.

Der binne fyftjin meldingen fan mishanneling binnenkaam, benammen út Grinslân en Drinte. Yn fiif gefallen binne hynders mei in skerp wapen ferwûne. Der binne goed 200 tips oer de mishannelingen binnenkaam, mar de plysje hat noch gjin idee wa't de dieder of dieders wêze kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)