Fryske mantelsoargers yn it sintsje set

10 nov 2014 - 07:19

Op de Dei fan de Mantelsoarch wol soarchgroep Noorderbreedte moandei rom omtinken jaan oan de mantelsoargers yn Fryslân. Mear as ea stiet de rol fan de mantelsoarger yn it nijs, mei de desintralisaasje fan de soarchtaken fan it Ryk nei de gemeenten. Mantelsoargers wurde hieltyd mear by de soarch foar famylje, buorlju en neisten belutsen, konkludearret ek soarchgroep Noorderbreedte.

Om dizze mantelsoargers yn it sintsje te setten, keas de lanlike feriening foar mantelsoargers Mezzo dit jier foar it tema 'Allemaal verhalen'.

De mantelsoarch wurdt hieltiid wichtiger, seit direkteur Aukje van Kalsbeek fan Noorderbreedte. Sy kinne de bewenners dy't ferlet ha fan soarch faak better as de beropskrêften. Noorderbreedte stribbet der dêrom nei om mei alle bewenners 'famyljepetearen' te hâlden, wêrby't ek ôfspraken makke wurde watfoar soarch de mantelsoargers foar har rekken nimme kinne. Pytsje Jellema (84) fan Noorderbreedte Friesma State yn Grou hat it troffen. Der giet hast gjin dei foarby of se krijt besite fan dochter Maaike of beppesizzer Hinke. Dy rêde mei har klean, dogge boadskipkes en nimme frou Jellema ek wol mei op stap. Se nimme ek de dei mei har troch. Frou Jellema hat sadwaande alle dagen wat om nei út te sjen en bliuwt aardich fleurich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)