Stroetinga troffen troch fiedselfergiftiging yn Meksiko

10 nov 2014 - 07:02

Baanhurdfytser Wim Stroetinga hat by de wrâldbekerwedstriid yn Meksiko in fiedelsfergiftiging oprûn. It komplete Nederlânske ploege-achterfolgingsteam waard troffen troch búkklachten. De manlju rieden sneon noch in nij Nederlânsk rekôr op de ploege-achterfolging en pleatsten har dêrmei oertsjûgjend foar de finales.

Mei pine en muoite koenen se snein in ploech oan de start krije. Uteinlik kamen Stroetinga, Roy Eefting, Dion Beukeboom en Jan-Willem van’t Schip net fierder as in achtste plak yn de finale.

De Nederlânske hurdfytsers rûnen de fiedselfergiftiging nei alle gedachten yn harren hotel op. Meardere teams dy't hjir oernachten hienen ek te kampen mei búkklachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)