FVC mei romme sifers ûnderút by Be Quick 1887

FVC © Omrop Fryslân
FVC ferlear snein mei 5-0 fan Be Quick 1887. Yn stadion De Esserberg yn Grins kamen de Ljouwerters al nei 3 minuten spyljen op efterstân. Fuort nei rêst wie it op 'e nij rekke foar de Grinzers en kaam de ploech fan trainer Bert Hollander op 2-0 efterstân.
Yn de slotfaze waard it noch soerder foar de Ljouwerters doe't Be Quick 1887 binnen twa minuten spyljen de foarsprong ferdûbele nei 4-0. De fyfde treffer foel yn de einfase fan de wedstriid en bepaalde úteinlik de einstân.