Frysk súkses by muorrekeatsen yn Frjentsjer

Muorrekeatsers Miranda Scheffer en Marike Beckers hawwe snein de titel yn de dûbelfinale fan it twadde Nederlânsk iepen kampioenskip muorrekeatsen op harren namme skreaun. Yn Frjentsjer wie it twatal yn de finale mei 21-17 te sterk foar Geke de Boer en Nelie Steenstra.
By de inkelfinale wie der op 'e nij in oerwinning foar Miranda Scheffer. Yn in spannende finale fersloech sy Geke de Boer mei 21-19.
By de manlju pakte Hans Wassenaar in tredde plak yn it inkelkampioenskip.
Wassenaar wie minder súksesfol yn it dûbelspul. Yn de kwartfinale fan it dûbelspul waard er tegearre mei Tjisse Steenstra ferslein troch Kees van der Schoot en Allard Hoekstra. Van der Schoot en Hoekstra pakten úteinlik it brûns yn it dûbelspul. Se ferlearen yn de heale finale fan Grant en Tomson út Ingelân.