SC Hearrenfean en Go Ahead Eagles diele de punten

08 nov 2014 - 23:19

SC Hearrenfean is der sneontejûn net yn slagge fan Go Ahead Eagles te winnen. De oantreklike wedstriid einige yn in 2-2 lykspul. Hearrenfean dominearde yn it begjin, mar yn de allerearste oanfal fan de besikers wie it gelyk raak. Yn de kounter soarge Marnix Kolder yn de 21-ste minút foar de iepeningstreffer. Mark Uth miste de kâns op de lykmakker, de topskoarer rekke de peal. In minút letter ferdûbele Alex Schalk de marzje (0-2). Krekt nei it skoft komt de oanslutingstreffer fan Daley Sinkgraven. Uteinlik makke ynfaller Jukka Raitala de 2-2.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)