Moaie generale follybalfroulju Snits tsjin Alterno

08 nov 2014 - 19:30

De follybalfroulju fan Snits ha de wedstriid yn Apeldoorn tsjin koprinner en regearend lânskampioen Alterno mei 3-2 wûn. De setstannen: 19-25, 25-20, 20-25, 25-18 en 8-15. Dizze wedstriid wurdt op woansdei 12 novimber yn Snits wer spile, mar dan is it in Europeeske wedstriid foar de Challenge Cup.

Op 26 novimber wurdt de Europeeske return yn Apeldoorn spile. Foar de Snitser froulju fan trainster Petra Groenland wie de winst in moaie opstekker. Snits is no koprinner yn de earedivyzje, al ha alle ploegen net itselde tal wedstriden spile.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)