Harkemase Boys wint fan Drachtster Boys

08 nov 2014 - 16:26

De 40e Fryske derby tusken Drachtster Boys en Harkemase Boys einige sneon yn in 4-1 oerwinning foar de ploech fan De Harkema. Op it Drachtster Bosk iepene Heine Uuldriks nei in healoere de skoare foar de Harkiten.

Nei rêst die de trijedûbele wiksel fan trainer Fred de Boer fertuten, doe't ynfaller Willem de Jong yn de 58e minút de 1-1 makke. Johnsen Bacuna profitearre optimaal fan in flater yn de Drachtster ferdigening en tekene foar de 2-1, wêrnei't Arton Musliu de 3-1 makke. Yn ekstra tiid soarge Gersinio Constancia foar de einstân.

Yn de slotfaze fan de wedstriid ûntstie der in fjochtpartij doe't Sicco Bouwer fan Drachtster Boys syn tsjinstanner Jordy van Wijk neitrape nei in oertreding op him. Beide spilers krigen in giele kaart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)