Man falt yn lege Drachtsterfeart

08 nov 2014 - 16:21

Oan it Mûnein yn Drachten is sneontemiddei in man fan in tydlike houten fuotgongersbrêge ôffallen. De brêge leit oer de útgroeven Drachtsterfeart dêr't no noch gjin wetter yn sit. Helptsjinsten wiene gau te plak. Se hawwe de persoan mei help fan omstanners nei boppen tild.

It ynsidint luts in soad winkeljend publyk. Oer de oarsaak fan de fal en de identiteit fan it slachtoffer is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Drachtsterfeart fal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)