Boartersguod ynsammele foar kânsearme bern

08 nov 2014 - 16:11

In busfol en in autofol mei boartersguod is sneontemoarn fan Twizel nei de boartersguodbank yn Snits oerbrocht. Bern fan de kristlike basisskoale De Oanrin yn Twizel hawwe guod ynsammele, sadat earme bern yn de provinsje ek Sinterklaas fiere kinne.

It boartersguod wurdt oanbean op de boartersguodbank yn Snits. Minsken kinne wat útsykje as se in ferwiiskaart fan de itensbank of fan de gemeente krigen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)