Friezinne wint Mooi Mens-ferkiezings net

08 nov 2014 - 15:57

Lienke de Ringh fan Warkum hat de Mooi Mens-ferkiezing 2014 net wûn. Se wie ien fan de tsien nominearren. Mooi Mens is in ûnderskieding foar meiwurkers yn de soarch dy't op eigen inisjatyf saken betinke om soarch oan minsken te ferbetterjen. Lienke wurket by soarchgroep Tellens. Se betocht tegearre mei in kollega De Waakmand, in koer mei saken dy't minsken oan de ein fan harren libben dochs noch wat opfleuret.

Minsken koene op de webside fan Mooi Mens stimme op de eigen favoryt. De Utrechtse Lisa Tarmidi krige de measte stimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)