Friezetsjerke foarútskode post KH2018

08 nov 2014 - 12:39

De provinsje Fryslân giet fierder mei subsidiearjen fan de Friezetsjerke yn Rome. Yn alle gefallen oant en mei 2018 krijt de tsjerke 8000 euro yn it jier. Kommissaris fan de Kening Jorritsma asjocht de Friezetsjerke as in 'foarútskode post' fan Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018. Dat sei Jorritsma sneontemoarn by in besite oan de tsjerke.

Jorritsma is yn Rome omdat it 25 jier lyn is dat de tsjerke wer yn gebrûk naam is. Yn de Friezetsjerke yn Rome komme tsientûzen minsken yn it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)