Wurdt Lienke de Ringh 'Mooi Mens'?

08 nov 2014 - 11:25

Lienke de Ringh fan Warkum makket sneon kâns útroppen te wurden ta winner fan de Mooi Mens-Ferkiezings fan dit jier. Dat is in ûnderskieding foar meiwurkers yn de soarch dy't op eigen inisjatyf saken betocht hawwe om de direkte soarch oan minsken sels ferbetterjen.

Frou De Ringh wie al nominearre. De ôfrûne tiid koe op de webside fan de Mooi Mens-ferkiezings op ien fan de tsien nominearre soarchmeiwurkers stimd wurde. De winner wurdt sneontemiddei op in spesjale gearkomste yn Hilversum bekend makke.

Frou de Ringh wurket yn Warkum. Sy organisearret gearkomsten oer de soarch foar minsken dy't net mear better wurde kinne. Doel is om it lijen safolle mooglik te beheinen. De gearkomsten binne foar siken en foar harren famylje. Frou De Ringh hat boppedat in aula ynrjochte en is dwaande mei in stiltesintrum en in opbierromte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)