Hegemer pakt foar yllegaal swier fjoerwurk

08 nov 2014 - 11:00
Foto: ANP

In 19-jierrige ynwenner fan Heech is freedtenacht yn Snits oanhâlden neidat er ferskate kearen swier fjoerwurk ôfstutsen hie. Doe't de plysje syn hûs ûndersocht, fûnen se dêr noch in doaze fol mei yllegaal fjoerwurk.

It fjoerwurk is yn beslach naam. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Snits plysje Heech fjoerwurk
(advertinsje)
(advertinsje)