Wynmûnen soargje foar twaspjalt yn FNP

08 nov 2014 - 08:01

De FNP-fraksje yn Súdwest-Fryslân komt yn aksje tsjin it wynmûnebeslút fan it kolleezje fan deputearre steaten, dêr't de FNP ek yn sit. Dat die freedtejûn bliken by in ledegearkomst fan de FNP.

Yn it provinsjalebeslút stiet dat alle wynmûnen yn Súdwest-Fryslân komme moatte yn de Iselmar en op 'e kop fan 'e Ofslútdyk. Mei it ferset komt de gemeentefraksje foar de eigen partijgenoaten oer te stean út de provinsjale polityk.

Trefwurden: 
wynmûnen FNP ledegearkomst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)