Deade by wenningbrân yn Aldebiltsyl

08 nov 2014 - 07:34

Yn Aldebiltsyl is sneontemoarn in man omkaam by in grutte brân yn in frijsteande wenning oan it Bûtendykswechy. It giet nei alle gedachten om de bewenner. Der koe al in skoft gjin kontakt lein wurde mei de man. De wenning baarnde folslein út.

It fjoer bruts om healwei seizen út. Al gau die bliken dat de wenning net mear te rêden wie. De brânwachten fan Hallum en Ferwert koene foarkomme dat it fjoer oesloech nei in neistlizzende pleats. De plysje docht ûndersyk nei hoe't de man ferstoarn is en nei it ûntstean fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)