Froulju fan SC Hearrenfean ferlieze fan Telstar

07 nov 2014 - 21:46

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn de útwedstriid mei 1-0 ferlern fan Telstar. Priscilla de Vos makke mei in kopbal yn de 68ste minút de ienichste treffer. SC Hearrenfean hie yn de earste helte al in pear moaie kânsen hân. Tiny Hoekstra wie it tichtste by in goal, sy rekke de latte. Troch it ferlies bliuwe de Feanfroulju stean op it tsiende plak mei 9 punten út likefolle wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)