Keninklike ûnderskieding foar frijwillige brânwachtminsken

Lintsje © ANP
Jippe Visser (55) en Wim van der Veen (42) út Frjentsjer hawwe freedtejûn in keninklike ûnderskieding krigen. Beide manlju namen ôfskied fan de frijwillige brânwacht. Visser hat 20 jier lang lid west. Yn it deistich libben wurket er by de gemeente.
Van der Veen hat 20 jier lang as frijwilliger, befelfierder en ploechsjef oan it wurk west yn Frjentsjer. Hy kombinearde dit mei syn wurk by de brânwacht yn Ljouwert, mar no't hy in nije funksje krigen hat by de feiligensregio Fryslân, kin dat net langer.
Beide manlju binne beneamd ta lid yn 'e Oarder fan Oranje Nassau.