Sporthallen SWF moatte enerzjyneutraal wurde

© Omrop Fryslân
Súdwest-Fryslân start takom jier mei in pilot om de sporthallen fan Boalsert, Koudum en Drylts enerzjeneutraal te meitsjen. Dat wol de gemeente dwaan troch in saneamde Energy Service Company (ESCO). Dit betsjut dat alle duorsume maatregels dy't útfierd wurde, safolle mooglik betelle wurde moatte fan it bedrach dat aanst besparre wurdt.
Op dizze wize kostet it dus hast gjin jild. De gemeente hopet takom jier útein te setten mei dizze proef. De oanbesteging folget meikoarten.
As de proef goed ferrint, wol Súdwest-Fryslân it systeem útwreidzje nei oare gemeentlike gebouwen.