Simmerskoalle fan Fier Fryslân wint soarchbelang Tomme

Frouljusopfanggebou Veilige Veste fan Fier Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De simmerskoalle fan Fier Fryslân hat freed 'de Tomme' fan soarchbelang Fryslân wûn. Dizze priis wurdt alle jierren útrikt oan it bêste inisjatyf om de soarch te ferbeterjen. De simmerskoalle fan Fier jout froulju dy't opfong wurde de kâns om ûnderwiis te folgjen. Sa krije dielnimmers in kursus excel of in sollisitaasjetraining.
Der waarden dit jier hast 4000 stimmen útbrocht foar de Tomme, goed 60 prosint dêrfan wie foar Fier. Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân hat de priis útrikt op it jierlikse soarchkongres yn Boalsert.
Oare nominearden wienen Idesta soarchgroep, jeugdhelp Fryslân en it Helpmiddels Sintrum.