Retze van der Honing foardroegen as listlûker GrienLinks

GroenLinks
Retze van der Honing (51) fan It Hearrenfean is foardroegen as listlûker fan GrienLinks foar de steateferkiezings fan takom maart. Van der Honing sit sûnt 2008 yn de Provinsjale Steaten. Sûnt ferline jier is er ek fraksjefoarsitter.
Achter Van der Honing steane twa jonge kandidaten op de list: Marcia Dijkstra út Ljouwert en Ralph de Graaf út Wolvegea. Sittend steatelid Joop van der Heide út Harns stiet op it sânde plak.