Stekker út Facebook-aksje foar behâld Talma Hoeve

© Omrop Fryslân
De inisjatyfnimmers fan de Facebook-side 'Red Talmahoeve Veenwouden' hawwe de stekker út de aksje lutsen. Meiwurkers fan de Talma Hoeve yn Feanwâlden wiene de Facebook-aksje start om derfoar te soargjen dat de soarchynstelling iepen bliuwt. Yn trije dagen wiene der mear as 1600 minsken dy't de aksje op de social media stipen.
De inisjatyfnimmers sizze yn in berjocht op de Facebookside dat se alle oandacht net ferwachte hiene. Se wolle harren enerzjy fan no ôf oan de bewenners jaan.
De Talma Hoeve yn Feanwâlden is ien fan de trije lokaasjes dy't soarchgroep Pasana slute wol.