Trije spilers SC Hearrenfean yn seleksje Jong Oranje

07 nov 2014 - 15:24

Daley Sinkgraven, Joost van Aken en keeper Maarten de Fockert fan SC Hearrenfean binne selektearre foar Jong Oranje. Foar De Fockert is it de earste kear dat er oproppen wurdt foar it nasjonale belofteteam. It team fan coach Remy Reijnierse spilet takom wike tongersdei in oefenwedstriid tsjin Jong-Dútslân. De fuotbalwedstriid wurdt spile yn it Dútske Ingolstad.

In pear wike lyn rûn Jong Oranje noch kwalifikaasje mis foar it Europeesk kampioenskip fuotbal fan takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)