Magneetfisker fisket pistoal út it wetter yn Drachten

07 nov 2014 - 15:09

In magneetfisker út Drachten hat woansdeitemiddei in pistoal en in mes opfiske. Hy wie oan it fiskjen yn it wetter fan De Drait. Nei in fyts, ferskate fytsslotten en allerhande munten, helle hy it pistoal en it mes boppe wetter.

De fisker hat it fjoerwapen en it mes oan de plysje oerdroegen. Dy ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)