Larsson ynsetber tsjin Go Ahead Eagles

07 nov 2014 - 14:17

Sam Larsson is nei wikenlang blessuereleed wer ynsetber yn de thúswedstriid tsjin Go Ahead Eagles. De Sweedske linkeroanfaller is hersteld fan syn ûntstutsen skynbonke en trainde freedtemoarn mei de basisalve mei, mar neffens trainer Dwight Lodewegs seit dat neat. "Sam is er negen weken uitgeweest, we gaan eerst overleggen met de medische staf en met Sam zelf". Troch it ferwachte basisplak fan Larsson sit Morten Thorsby op de bank.

Nei twa kear in lykspul en twa kear in ferliesparty, hat Hearrenfean ferlet fan in oerwinning. De lêste kear dat Hearrenfean trije punten pakte wie op 28 septimber tsjin PSV (2-1).

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)