Fakbûn CNV: reorganisaasje by Pasana soer foar personiel

De sluting fan fersoargingshuzen yn Noardeast-Fryslân wêrtroch der no 150 banen faai stean by soarchgroep Pasana is wol hiel soer foar it personiel. Dat seit Hillebrand Aardema fan fakbûn CNV-Publieke Zaak. Ien en oar mei dan wol it gefolch wêze fan it wizige ryksbelied; der wiene foldwaande reserves foar in saneamde 'zachte landing'. Mar dy reserves binne brûkt foar sikehûs de Sionsberg yn Dokkum.
Aardema woe net yngean op de geruchten oer in mooglik fallissemint fan sikehûs de Sionsberg yn Dokkum.
De direksje fan Pasana wol dat ek net. Sy jouwe oan dat der foar 1 jannewaris in beslút naam wurdt oer de takomst fan it sikehûs.