Ynwenner Noardwâlde oanhâlden foar bedriging

07 nov 2014 - 11:52

In 34-jierrige ynwenner fan Noardwâlde is tongersdei oanhâlden fanwege bedriging. De man, dy't yn 'e war wie, bedrige meiwurkers fan in sûnenssintrum. Hy kaam ferhaal heljen fanwege in rekken. Earst bedrige er in assistint. Dêrnei krige in tsûge te hearren dat hy delstutsen wurde soe. Ek smiet de man bûten it gebou in fyts nei in meiwurker.

Twa foarbygongers wisten foar te kommen dat de man noch mear dwaan koe. Letter op 'e dei hat de plysje de man oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)