Skoalle yn Lekkum al fier mei ûntwikkeljen lesmetoade

07 nov 2014 - 11:40

De professor Wassenberghskoalle yn Lekkum is al hiel fier mei it ûntwikkeljen fan in eigen lesmetoade. Se besykje sa te wurkjen dat se nei skoaltiid net mear bulten papierwurk hoege te dwaan. Dy tiid kinne se dan better besteegje oan it tarieden fan lessen. De skoalle pleitet foar minder regeljouwing yn it ûnderwiis.

Steatsekretaris Sander Dekker wol yn 2015 as eksperimint 20 eksellinte skoallen mear romte jaan om eigen lesmetoaden te ûntwikkeljen. De Lekkumer skoalle docht dit al.

Trefwurden: 
skoalle Lekkum lêsmetoade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)