Nij poëzytablo by Ljouwerter kafee Wouters

07 nov 2014 - 11:03

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert sil freedtemiddei by kafee Wouters in nij poëzytablo ûntbleatsje. Op it tablo stiet in gedicht fan Anne Vegter, de hjoeddeistige Dichter des Vaderlands. It tablo is in kado fan de Lionsclub Leeuwarden, dat sneon har 50-jierrich jubileum fiert.

By de ûntbleating fan de stien, sil ek in app lansearre wurde troch Stichting Poëzietableaus dy't de stiennen beheart. Mei de app kinne besikers in ynteraktive kuierrûte folgje lâns de poëzystiennen, mei ynformaasje oer de dichters en in Nederlânske oersetting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)