Supportersferiening Nieuw Noord: "Net mei bier smite"
Supportersferiening Nieuw Noord fan SC Hearrenfean ropt har leden op om net mear mei bier te smiten nei in goal fan Hearrenfean. Op de webside fan de fanklup wurdt warskôge dat as it biergoaien net ophâldt, it supportersfak mooglik wer droechlein wurdt.
Nieuw Noord hopet fierder dat minsken elkoar ek oansprekke op harren gedrach.