Ekstra riedsgearkomste It Amelân oer sluting 'De Stelp'

06 nov 2014 - 20:35

Op It Amelân is moandei 10 novimber in ekstra riedsgearkomste. It giet allinnich oer de sluting fan fersoargingshûs De Stelp fan Pasana. Woansdei waard bekend dat de soarchgroep njonken De Stelp ek Talma Hoeve yn Feanwâlden en de Spiker yn Ternaard slute wol.

Bûten De Stelp binne der gjin oare fersoargingshuzen op it eilân. Bewenners binne benaud dat se aanst nei de fêste wal ta moatte om famylje te besykjen. De ekstra ried is in inisjatyf de PvdA en Algemeen Belang Ameland. Sy wolle witte oft de gemeente it fersoargingshûs noch rêde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)