Gearwurking tusken jachthavens op de Waadeilannen

06 nov 2014 - 18:58

De Waadeilannen wolle der mei-elkoar foar soargje dat harren havens goed tagonklik bliuwe foar de wettersporters. As der neat dien wurdt, lizze guon havens aanst foaral fol mei slyk en net mei boaten. Troch in nije wize fan baggerjen en it wurk mei-inoar oan te besteegjen moat dat probleem oplost wurde.

De nije oanpak kostet miljoenen euro's en de eilannen hoopje op stipe fanút it Waadfûns. Neist de Waadeilannen dogge ek de gemeente Eemsmond en wetterskip Noorderzijlvest mei. Dan giet it om de haven Noordpolderzijl.

Trefwurden: 
Waadeilannen jachthaven slyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)