Gjin nije spandoeken tsjin AZC yn Riis

06 nov 2014 - 16:43

Der komme gjin nije spandoeken mear tsjin it AZC yn Riis. Dat seit Michel Lunenberg fan de wurkgroep yn Riis dy't him ferset tsjin de komst fan 500 asylsikers nei it doarp. Op de spandoeken stie dat 50 asylsikers it maksimum is dat Riis ûnderbringe kin. De doeken binne yn it wykein troch ûnbekenden fuort helle.

De wurkgroep wol no in petysje opstelle en dy mei hantekenings oanbiede oan de gemeente. Doarpsbelang hat de gemeente om in petear frege oer de plannen foar it AZC.

De wurkgroep is it dêr mei iens mar is sels gjin gesprekspartner seit Lunenberg.

Trefwurden: 
asylsikers AZC Riis spandoeken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)