Meiwurkers Talma Hoeve Feanwâlden oandien troch sluting

06 nov 2014 - 16:15

It personiel fan de Talma Hoeve yn Feanwâlden is bot oandien troch it beslút dat de soarchynstelling ticht moat. Neffens ien fan de wurknimmers fielt it as in grutte skok. Der wurkje 62 minsken by de Talma Hoeve. Dat personiel wol der yn de kommende moannen alles oan dwaan om noch sa goed mooglik soargje te kinnen foar de bewenners fan de Talma Hoeve.

It nijs hâldt ek de ynwenners fan Feanwâlden yn 'e besnijing. In aksje op Facebook tsjin it sluten fan de Talma Hoeve, hat yn in dei tiid dik 1300 likes opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)