Skeel oer leechsteande skoalle De Feanhoop

06 nov 2014 - 13:26

Der is in skeel tusken de gemeente Smellingerlân en de eigeners fan restaurant It Polderhûs op De Feanhoop. De famylje Rudolphi wol in leechsteande skoalle brûke foar hotelkeamers. Se tochten oardel jier lyn dat se it iens wienen mei de gemeente, mar kamen der fan 't simmer achter dat harren bod fan in ton net akseptearre wurdt. De gemeente reagearre net op it bod.

Wethâlder Van der Leck hearde pas in pear moanne lyn fan de kwestje. De skoalle giet lykwols net oer nei de Rudolphi's of se moatte it bod mei in ton ferheegje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)