Taksybedriuw Oenema oernaam troch Witteveen fan De Lemmer

06 nov 2014 - 12:39

Taksybedriuw Oenema op It Hearrenfean is oernaam troch taksybedriuw Witteveen fan De Lemmer. De oername betsjut dat it grut part fan it personiel by de nije wurkjouwer oan it wurk kin. Se komme net yn tsjinst, mar wurde fia in útstjoerburo ynhierd. Om hoefolle fan de 93 meiwurkers it giet, kin de kurator noch net sizze.

Witteveen nimt njonken de meiwurkers ek de kontrakten mei opdrachtjouwers safolle mooglik oer. Der sille noch wol petearen plakfine om te sjen hoe't it yn de takomst fierder moat mei it útfieren fan de ritten.

Trefwurden: 
Oenema oername taksy Witteveen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)