Fertochten brânstichting yn âlde muzykskoalle Drachten pakt

06 nov 2014 - 11:55

Twa ynwenners fan Drachten fan 17 en 19 jier wurde fertocht fan brânstichting yn de âlde muzykskoalle oan it Kleinzand yn Drachten. Se binne woansdeitejûn troch de plysje oanhâlden nei't der in melding fan de brân binnenkaam. Tsjûgen seagen de twa jonges út it iepenbrutsen gebou draven.

Op de Noarderdwersfeart koene se pakt wurde. De brânwacht koe de brân gau blusse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)