Opnij ûndersyk nei it wetter yn de haven fan Harns

06 nov 2014 - 11:33

Rykswettersteat hat woansdei ûndersyk dien nei de kwaliteit fan it wetter yn de haven fan Harns. It is dien om't earder út ûndersyk fan Toxicowatch bliken die dat er oestrogene stoffen yn it wetter sitte. Toksikolooch Arkenbout fan Toxicowatch rôp dêrop op om sa gau as mooglik maatregels te nimmen.

Rykswettersteat hat syn ûndersyk bestudearre en nimt it sa serieus dat sy no sels oanfoljend ûndersyk dogge. Se ha op ferskate plakken yn de haven meunsters naam. Dy sille no yn it lab ûndersocht wurde.

It duorret fiif wike foardat de útslach bekend is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)