Rjochtaak tsjin skrassen thússoarch

06 nov 2014 - 08:21

De dochter fan in âlder stel út Dantumadiel stapt nei de rjochter om't har âlden de thússoarch troch de herfoarmings yn de soarch kwyt reitsje. Dat meldt de Volkskrant tongersdei op de foarside. Mei de nije WMO-wet ferliest it âldere stel de sân oeren thússoarch dy't se no yn de wike krije. It stel fan 88 en 89 jier kin no noch thús wenje, mar dat slagget net sûnder help.

De dochter krijt stipe fan de koepelorganisaasje fan minsken mei in beheining. Se is dêrmei de earste boarger dy't in rjochtsaak start tsjin de herfoarming fan de soarch.

Trefwurden: 
Wmo thússoarch Dantumdiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)