Amelanners wolle dúdlikheid

06 nov 2014 - 06:10

De riedsfraksjes fan de PvdA en Algemeen Belang Ameland wolle dizze wike noch in ekstra riedsfergadering hâlde oer it nijs dat soarchgroep Pasana soarchsintrum De Stelp in Hollum slute wol. De partijen wolle fan it kolleezje witte wat dy oant no ta dien hat om De Stelp iepen te hâlden en wat it no dwaan sil. Ek wolle PvdA en ABA witte oft partikuliere inisjativen in oplossing biede kinne foar it probleem.

De ekstra fergadering moat iepenbier wêze, sadat hiel Amelân meilústerje kin, fine beide partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)