Aksje tsjin ballonnen

Jutter Dirk Bruin fan Flylân giet de striid oan mei grutte bedriuwen oer it oplitten fan ballonnen. Dy ballonnen bedarje yn see en spiele ek oan op Flylân. Underweis reitsje ûnder oare fûgels fêst yn de toutsjes en dat rint lang net altyd goed ôf.
Natuerorganisaasjes hawwe earder ek al kampanje fierd tsjin it oplitten fan ballonnen. Bruin docht dat allinnich op sosjale media. Hy hat ûnder oare in BMW-dealer út Ingelân oansprutsen op ballonnen fan it bedriuw dy't oanspielden, mar ek McDonald's, Pizza Hut en de KLM.