G-Wise clinic by Cambuur

It Cambuurstadion yn Ljouwert wie woansdei it dekôr fan in saneamde G-Wise sportclinic. Sa'n hûndert jonges en famkes mei in beheining diene mei oan it evenemint. Rûnom alle útwedstriden fan Ajax wurdt sa'n middei organisearre troch it Fonds Gehandicaptensport, Ajax en har sponsor Aegon.
Cambuur spilet snein thús tsjin de Amsterdammers en de ploech fan trainer Henk de Jong wie fuort entûsjast oer it inisjatyf. Dêrom stie de folsleine seleksje klear yn in earehage om de jonges en famkes wolkom te hjitten om dêrnei in parkoers ôf te lizzen.
De klup út Ljouwert hat in konvenant foar trije jier tekene mei it Fonds Gehandicaptensport wêrmei't se it sporten foar hendikepten promoatsje sille.